By de autofersekeringen fan dutsen.nl binne jo wis fan de leechste preemje. Alle jierren wurd de preemje automatysk op ’e nij berekkene. Mei ien druk op de knop kinne jo sa foar it bêste foarstel kieze. Jo moatte dêrfoar wol efkes de digitale polismap aktyf meitsje.
WA dekking
Eltse auto dy’t by it RDW registrearre stiet, is ferplichte om in WA dekking te hawwen. Hjirby hawwe jo de oanspraaklikheid nei tredden ta fersekere.
Berekkenje hjir jo auto
WA beperkt Casco
Ek wol de WA plus neamd, dekt neist it WA risiko guon saken dy’t spesifyk neamd wurde, lykas: rútskea, oanriding mei wyld, hagelskea en stoarmskea. Dizze fariant sjogge jo faak as de auto in jier of fiif âld is.
Berekkenje hjir jo auto
WA Casco
Ek wol de allrisk-dekking neamd, is in fan alle bûten kommende unheilsdekking. Soks hâldt yn dat, as jo skea oan de auto ha, dy dutsen is op dizze fersekering. Ek as it jo eigen skuld is.
Berekkenje hjir jo auto
Tip van dutsen.nl
Ha jo de auto WA of WA beperkt Casco fersekere, sjoch dan ek ris nei rjochtsbystân by it ferheljen. Foar in lyts bedrach yn ’e moanne soarget de fersekering derfoar dat, as jo gjin skuld hawwe, jo skea ferhelle wurdt op de tsjinpartij.
Op dutsen.nl kinne jo sels jo preemje foar jo autofersekering berekkenje. Dutsen.nl is in Fryske tuskenpersoan yn fersekeringen. Ha jo skea of fragen, dan stean we jo graach te wurd. Gjin lang wachtsjen oan de telefoan, en gewoan yn ’e Fryske taal.




