Frysk
Nederlânsk lêze kin ek

oer boatfersekeringen

Der binne hiel wat boaten op it wetter dy’t net fersekere binne. Faak bart dat om’t minsken net witte dat jo in boat WA fersekerje moatte. Der wurdt dan fan útgongen dat skea dy’t feroarsake wurdt troch it farren yn de boat wol dutsen is op de oanspraaklikheidsfersekering foar partikulieren. Dat is perfoarst net sa, útsein yn it gefal fan hiele lytse boatsjes, lykas optimisten, en surfplanken.

Boppedat wolle jo miskien de boat ek wol foar mear fersekerje as allinnich foar de skea dy’t jo in oar tabringe. In boat kin ommers in aardich kapitaal kostje en dan wolle jo soks al knap fersekere hawwe.

As jo boat net fia de offerte-tool fersekere wurde kin, nim dan efkes kontakt mei ús op; wy binne sels ek wettersporters en witte hoe’t in boat fersekere wurde moat. Oft it no in polyfalk of in Lemster aak is, in skou of in Atlanta, alle boaten binne goed dutsen by dutsen.nl.

berekkenje jo preemje