Frysk
Nederlânsk lêze kin ek

oer fersekeringen foar hûs, ynboel en mear fan soks

 

It fersekerjen fan wenhûs en ynboel kin op ferskate wizen. Der wurdt gauris praat fan ‘uitgebreide, extra uitgebreide of complete’ dekkingen. Yn dy folchoarder moatte jo de kwaliteit fan de dekkingen ek sjen. Tink wol om it eigen risiko, want faak is der by ‘extra uitgebreid’ gjin standert eigen risiko, wylst der by ‘complete’ dekking wol in eigen risiko is.

In hûs wurdt fersekere op grûn fan de werbouwearde. De werbouwearde is de hichte fan it bedrach dat jo nedich hawwe om krekt sa’n hûs as jo no hawwe, werbouwe te kinnen. Dat is dus al wat oars as de ferkeapwearde fan in hûs; dêr sit bygelyks ek de grûn by. Fierder giet de werbouwearde út fan gloednije materialen, ek al is it hûs al tweintich jier ald.
De werbouwearde kin op in tal manieren fêststeld wurde. As jo de werbouweardemjitter op dizze side brûke, sil de fersekerer gjin berop dwaan op ûnderfersekering. Dat is wol wichtich, want by skea wolle jo fansels gjin gedoente hawwe mei in te leech fersekerde som.

As partikulier kinne jo oanspraaklik steld wurde troch in oar. Dat kin om’t jo wat ‘ferkeard’ dien hawwe, mar dat kin ek om’t der bygelyks in dakpanne fan jo hûs waaid is, krekt op ’e nije auto fan de buorman. Of dat jo bern de bal by mouike troch it rút skopt hat. Soks is dan dutsen op de oanspraaklikheidsfersekering foar partikulieren (avp).

Fierders kinne jo yn it pakket op dizze side ek fersekeringen foar gesinsûngemakken, rjochtsbystânfersekeringen en reisfersekeringen ôfslute.
By fersekeringen foar gesinsûngemakken hawwe jo de kar tusken ferskate bedraggen; sjoch dêr wol efkes nei. Sa’n fersekering keart in fêststeld bedrach út as in lid fan jo gesin in ûngemak hân hat mei in bliuwend letsel. Dat bedrach is in yn ’t foar fêststeld persintaazje fan it fersekere bedrach. As jo bygelyks in tomme misse moatte, keart de fersekering 25% fan it fersekere bedrach út. Sokke fêststelde persintaazjes neame se yn fersekeringslân de ‘Gliedertaxe’.

Rjochtsbystân kin jo helpe yn gefal fan gerjochtlik skeel. Meast helpt in advokaat fan de fersekerer jo, mar it kin ek wêze dat der in advokaat by jo yn de buert socht wurdt. Der binne ferskate dekkingen by de rjochtsbystân. Jo kinne bygelyks kieze foar in basisdekking en dy útwreidzje mei saken lykas arbeidsskeel, echtskieding en ferkear.

Oer reisfersekeringen hawwe wy wat skreaun ûnder it kopke ‘mear oer reisfersekeringen’.

berekkenje jo preemje