Dutsen.nl is in inisjatyf fan Bij Heerma Verzekeringen út Snits. Bij Heerma bestiet al mear as tsien jier en docht saken mei sawat alle fersekeringsmaatskippijen yn Nederlân.
Der binne hiel wat online fersekeringsmaatskippijen der’t jo fia it ynternet fersekeringen ôfslute kinne. Mar faak binne se fier fuort, letterlik en figuerlik. Dêrom hawwe wy no dizze side op it ynternet. Wy wolle jo goedkeap, mar ek goed ta tsjinst wêze.
Op dizze webside kinne jo sawat alle fersekeringsmaatskippijen mei-inoar fergelykje en dêrnei de foardielichste en bêste derút pikke. As der al wat is, dan kinne jo altyd by ús telâne. Wy binne tichtby, yn taal, hert en plak.
Wêrom alles yn it Frysk, sille jo tinke. No, om’t wy net allinnich grutsk binne op ús Fryske lân (fol ear en rom), mar foaral om’t wy tinke dat it Frysk ticht by ús Friezen stiet. Soks jout betrouwen en dat is krekt wat wy jo biede wolle.
Bij Heerma Verzekeringen is in fersekeringskantoar mei fjouwer meiwurkers. Dutsen.nl is ek aktyf op Hyves, sjoch mar ris op ús Hyves-side en wurd ek freon fan dutsen.nl.
Hjir is de link nei de side fan Bij Heerma fersekeringen. Bij Heerma hâldt him benammen dwaande mei bedriuwsfersekeringen.




