Frysk
Nederlânsk lêze kin ek

kolofon

Dizze side is mei mooglik makke troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân. Lykas ús is de Provinsje Fryslân wiis mei it Frysk en stipet dêrom sokke inisjativen.
It ûntwerp en de technyk efter de side hat Dorine van den Beukel op har noed naam. Dorine har bedriuw hjit gebr.nl en dat makket fan alles op it mêd fan kommunikaasje.
Dorine is benammen bekend wurden troch har prachtige yllustraasjes yn ferskate boekjes en foar blêden as dat fan de ANWB en de Okki. Wy binne der dan ek tige wiis mei dat Dorine dizze opdracht foar ús dwaan woe.
It oersetten en it hifkjen fan de stavering is dien troch nimmen oars as Anne Tjerk Popkema. Anne syn oerset- en korreksjebedriuw hjit Taalburo Popkema. Anne hat al hiel wat oersettingen op syn namme stean. Hy is op ’t heden ek dosint Frysk oan de universiteit fan Grins en hat yn 2009 The Hobbit fan J.R.R. Tolkien oerset yn it Frysk. Dêrmei is er dé man foar dizze staverings- en oersetput.