Frysk
Nederlânsk lêze kin ek

oer reisfersekeringen

Foarhinne hiene je faak allinnich in reisfersekering foar koarte doer. Hjoeddedei sjogge jo hieltyd mear trochrinnende reisfersekeringen. Soks hat sa syn foardielen. Sa ferjitte jo nea om in reisfersekering ôf te sluten foar in reis, en as jo mear as ien kear it jier op fakânsje gean, is in trochrinnende reisfersekering al gau goedkeaper.

Jo kinne hjir net allinnich in reisfersekering, mar ek in annulearringsfersekering ôfslute. Dat is ek foardieliger as om soks los by reisburo’s of kampings te fersekerjen.

Tip fan dutsen.nl: sjoch by de reisfersekering goed nei oft wintersport ek dutsen is. Itselde jildt foar mear risikofolle sportfakânsjes, lykas dûken en berchbeklimmen. Soks is net by eltse fersekerer standert meidutsen.

Noch in tip fan dutsen.nl: as jo in trochrinnende reisfersekering mei annulearringsdekking hawwe, hoege jo dat net mear te fersekerjen by kampings, fleanreizen, reisburo’s ensafuorthinne. Sokken hawwe gauris it “hokje alfêst oankrúst”…

berekkenje jo preemje