Jo hawwe grif al in soad heard oer útfeartfersekeringen. Fansels binne sokke fersekeringen net altyd nedich, mar it is wol ris goed om stil te stean by de kosten fan in útfeart. Soks falt faak bot ôf. Mei dizze tool kinne jo ris sa’n berekkening meitsje. Hawwe jo genôch jild lizzen om de neibesteanden net mei ûnferwachte kosten efter te litten, dan is der neat te rêden. Mar wat no as dat net it gefal is? Dan kinne jo tsjin in lyts bedrach yn ’e moanne jo útfeart(kosten) fersekerje. It is miskien wat nuver sein, mar dit is de iennige fersekering dy’t eins altyd útkeart…




